Staking Itaalje treft Friezen

© Omrop Fryslân
De Fryske transportsektor hat lêst fan 'e staking yn Itaalje. Lilke Italjaanske kollega's blokkearje de wegen. Ien fan 'e Fryske dupearren is Martin Loschinsky dy't foar Veenstra Transport yn Heech ûnderweis is. Hy besiket fan Switserlân út Itaalje yn te kommen, net oer Gottharttunnel want dêr stiet in grutte file.
It Italjaanske regear hat de sjauffeurs oproppen op te hâlden mei de blokkades.