Warkum krijt gjin sammelgebou

11 des 2007 - 22:26

De gemeente Nijefurd sjocht ôf fan de plannen om in soad foarsjenning yn Warkum ûnder ien dak te bringen. Trije skoallen, it kultureel sintrum, de biblioteek, it pjutteboartersplak, it swimbad en in sporthal soene allegear yn ien nij gebou komme moatte.

In ûndersyk nei it animo foar de nijbou rûn út op in tebeksetter foar it gemeentebestjoer. By de skoallen sitte se net op it plan te wachtsjen. B&W hawwe it plan no ôfsketten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)