ArboNed no fan Friesland Bank

11 des 2007 - 16:52

De Friesland Bank is tegearre mei it management eigner wurden fan ArboNed. De bank en it management ha alle oandielen opkocht, omdat se tinke dan better groeie te kinnen.

ArboNed waard yn 1994 oprjochte. It bedriuw is ien fan de grutste arbotsjinsten fan Nederlân. By ArboNed wurkje 1150 minsken. It bedriuw hat in omset fan 110 miljoen per jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)