Radek Matusiak wer fit

Radoslaw Matusiak (argyffoto)
SC Hearrenfean-oanfaller Radoslaw Matusiak is sneon tsjin NAC Breda wer fan de partij. De Poal liet de wedstryd tsjin FC Grins noch oan him foarby gean fanwege in ankelblessuere, mar is no wer fit. Woansdei traint Matusiak wer mei de groep mei.
Fan Gianni Zuiverloon en Kristian Bak Nielsen ferwachtet fysioterapeut Erik ten Voorde dat beide spilers ynsetber binne tsjin NAC Breda.