Ponton omslein yn Heech
Yn Heech is yn it wetter lâns De Djipsleatswei tiisdeitemiddei in ponton fan in grûnferwurkingsbedriuw Dijkstra út Koudum omslein. Op it ponton stiene in gutte dieseltank en in hydraulyske aggregaat.
In kraan fan it bedriuw Dijkstra, dy't op in oare ponton stie, wie krekt op de wâl riden. Ter hichte fan De Djipsleatswei wurdt op dit stuit wurke oan in rûnwei.