Krystljochtjes meie bliuwe

de krystferljochting dêr't de mieningen oer ferdield binne
De famylje Koning yn Akkrum hoecht syn krystferljochting net fuort te heljen. Ferline wike wie dêr kommoasje oer ûntstien.
Wenningkorporaasje Welkom hie in klacht oer de útbondige ferljochting yn de Folkert Kuperusstrjitte krigen. De korporaasje hat kontrolearre oft de ljochtsjes ek gefaar opsmite. Dat is net it gefal en dêrom hoege se net fuort. De ferljochting giet jûns om alve oere út.