Doekle Terpstra gjin nije CdK

Doekle Terpstra bliuwt op syn post
Doekle Terpstra wurdt net de nije kommissaris fan de keninginne yn Fryslân. Fries-om-utens Terpstra is op it stuit foarsitter fan de lanlike HBO-ried en hy wol dat net opjaan.
Terpstra waard yn de ôfrûne wiken mei klam neamd as mooglike opfolger fan Ed Nijpels en hy hat der ek lang oer neitocht oft er sollisitearje soe. Neffens Terpstra wie it gjin maklik beslút om't er it wol in moaie baan fynt.