Wurkleazen knappe boaten op

© Omrop Fryslân
It opknappen fan âlde boaten moat wurkleazen yn Opsterlân, Weststellingwerf en Hearrenfean wer oan in baan helpe. De trije gemeenten begjinne ûnder de namme Wetterwurk in proef fan twa jier.
Minsken dy't al langer sûnder wurk sitte gean oan de slach mei âlde boaten, mar ek mei harsels. Se moatte dêrnei mear kâns meitsje op in fêste baan. It projekt is bedoeld foar sa'n 16 oant 20 minsken.