Boeren: brânmerken moat bliuwe

© Omrop Fryslân
Fryske feehâlders, mar ek boeren fan bûten de provinsje, wolle dat it brânmerken fan fee tastien bliuwt. Sa'n 300 boeren protestearren dêrom moandei op It Hearrenfean.
Yn de nije regeljouwing stiet dat der by in bist mar twa yngrepen dien wurde meie. Dat binne beide earmerken. De boeren wolle dat it brânmerken út it yngrepenbeslút helle wurdt. Lânbou-organisaasje LTO is al akkoart gien mei it ferbod op it brânmerken.