PJ yn race ûndernimmerspriis

11 des 2007 - 11:40

De skoalle Piter Jelles !mpulse yn Ljouwert en it Ondernemersinstituut binne nominearre foar de Leren Ondernemen Prijs 2007. De priis is bedoeld foar de skoalle mei it meast ûndernimmende projekt. By Piter Jelles hawwe learlingen in eigen ûndernimming opset: ûnder oaren in dûnsskoalle foar oare learlingen.

De priis wurdt woansdei útrikt yn Rotterdam en bestiet út 3000 euro. Fan de 70 skoallen binne der 14 oerbleaun.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)