Nij swimbad foar Drachten?

swimbad de Welle
Drachten krijt mooglik in nij swimbad. It giet om in ferfanger fan it besteande swimbad De Welle, dat bot ferâldere is. De gemeente Smellingerlân ûndersiket de kommende tiid of nijbou de bêste opsje is.
De Welle is mei 400.000 besikers per jier ien fan de grutste publykslûkers fan Fryslân. Boppedat hat it swimbad in B-status fan it swimbûn, dat betsjut dat der offisjele wedstriden hâlden wurde.