Faker grutte skippen yn Harns

Harns wol yn de takomst folle faker grutte skippen nei de haven ta helje. Neffens de gemeente is dat wichtich foar de ekonomy fan de stêd. Derfoar soe dan wol de fargeul op 'e nij ferdjippe wurde moatte. Op it stuit leit it grutste skip dat ea de haven fan Harns oandien hat by Frisia Sâlt.
De Dual_Confidence is 160 meter lang en 26 meter breed. It skip wurdt yn Harns laden mei 13 tûzen ton sâlt. It skip sil tiisdei wer ôfsette.