Adema wol fleksibeler spoar

10 des 2007 - 12:34

It duorret fierstente lang foardat der wizigings trochfierd wurde kinne op it spoar. Dat seit ferkearsdeputearre Piet_Adema. De provinsje freget al jierren om mear stoptreinen tusken Wolvegea en Ljouwert. Dy wiziging is snein, mei de komst fan it nije spoarboekje, lang_om_let trochfierd.

Dat soks jierren duorret komt ûnder oare omdat spoarbehearder ProRail it allinnichrjocht op it spoar hat. Adema wol dat dit gau feroaret.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)