Nijbou skoalle Ljouwert nedich

10 des 2007 - 10:25

Basisskoalle Oud-Oost yn Ljouwert moat it belije as de wenningbouplannen by it Cambuurstadion op losse skroeven komme te stean. De eardere Menno van Coehoornskoalle sit no op trije lokaasjes en soe in nij gebou krije yn gearhing mei de wenningbou.

No 't de nijbouplannen ûnwis wurden binne, moat de gemeente de bou fan de skoalle wol trochsette, fynt de PvdA-fraksje. Binnen trije jier moat dy nije skoalle der stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)