Nederlân wint ploegerit

It Nederlânske 'treintsje' gie snein dat it slydjage (foto Martin de Jong)
It Nederlânsk trio hat sneintemiddei by de wrâldbekerwedstriden reedriden op It Hearrenfean it ûnderdiel ploege-efterfolging wûn. De tiid wie 3.40,57.
It team bestie út trije riders fan TVM: Sven Kramer, Erben Wennemars en Wouter Olde Heuvel. Carl Verheijen, dy't normaal ek meidocht, wie der net by fanwege in blessuere. Nederlân is wrâldkampioen op dit ûnderdiel.