Friesinger wint 1000 meter

09 des 2007 - 15:54

By de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean hat Anni Friesinger fan Dearsum snein de 1000 meter wûn. Friesinger klokte op de kilometer in tiid fan 1.15,34.

Dit is in nij baanrekord. It âlde rekord stie op namme fan Ireen Wüst. Marrit Leenstra fan Wikel waard 13e yn in tiid fan 1.17,32. Foar Leenstra wie it in goede útslach, want se kwalifisearre har foar de folgjende wrâldbekerwedstriid yn Erfurt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)