Utgeansgeweld yn Fryslân

09 des 2007 - 15:30

Yn de nacht fan sneon op snein binne yn totaal sân minsken oanholden foar útgeansgeweld. In Drachtster krige op de Noardkade klappen fan in ynwenner fan Wynjewâld en in ynwenster fan Ljouwert waard op it Ruterskertier in bloednoas slein troch in plakgenoate.

Yn Dokkum skopte in jonge (16) in reinpipe oan stront. In Westereiner foel yn Dokkum yn it glês nei't er sels skoppend in rút fernield hie. Yn Snits wienen ek twa oanhâldings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)