Mishanneling yn Drachten

09 des 2007 - 15:01

In 52-jierrige Drachtster is sneontejûn yn syn wenplak oanholden foar mishanneling en bedriging. De Drachtster hie yn syn wenning oan de Schwartzenbergleane spul hân mei in 31-jierrige plakgenoat.

Doe't de plysje op it plak kaam, bedrige de 52-jierrige man in plysjefrou mei de dea. Dêrop is er oanholden. Wat de oanlieding wie fan de rúzje is net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)