Heideman wint maraton Assen

Douwe de Vries mei syn grutste fan: syn beppe (foto Martin de Jong)
Reedrider Jan_Maarten_Heideman hat snein yn Assen de achtste maraton foar de Essent_Cup wûn. De fysioterapeut út Oldebroek wie yn de einsprint de rapste fan de tweintich man dy't der yn de finale altyd oerbliuwe.
Rob_Hadders en Douwe_de_Vries fan It Hearrenfean waarden twadde en tredde. De Friezen Jorrit_Bergsma en Ruud_Borst fjirde en sechsde. Bob_de_Vries fan De Haule bliuwt lieder yn it klassemint.