Ketellapper wint Boskmaraton

09 des 2007 - 12:34

Martin_Ketellapper hat sneon yn Diever de Boskmaraton op syn namme skreaun. De Ljouwerter wie in klasse apart op it troch de rein swiere parkoers en kaam yn 3.02,17 oer de einstreek.

André_van_der_Vliert út Werkhoven waard sân minuten en 32 sekonden letter twadde. De Drachtster Ubel_Dijk kaam as achtste binnen yn 3.32,15. By de froulju waard Marijke_Krutzen fan Wilhelmina-oard earste. It twadde plak wie foar Jenni_de_Groot fan Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)