'Swimbad net selsstannich'

09 des 2007 - 11:17

Swimbad de Frosk yn de Westerein moat net privatisearre wurde. Dat is it advys fan in ûndersyksburo oan Dantumadiel. De gemeente tinkt der oer om it bad ôf te stjitten om besunigje te kinnen. Dat is net ferstannich, seit it ûndersyksburo.

Privatisearring smyt Dantumadiel net earder as oer acht jier foardiel op. Dêrfoar moat der miskien wol jild by. Boppedat docht de Frosk it finansjeel hielendal net sa min.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)