'Kafees hurder oanpakke'

26 mrt 2012 - 16:11

Kafees dy't te min dogge om útgeansgeweld foar te kommen, wurde tenei hurd oanpakt. Twa kear yn de fout gean betsjut foarearst sluting fan it kafee. Dat seit korpsbehearder Ferd Crone yn reaksje op it útgeansgeweld yn it ôfrûne wykein.

Yn Ljouwert waarden njoggen minsken oanhâlden. Fral yn de Alde Doelesteech en yn de Prins Hendrikstrjitte rûn it bot út de hân. Op de lêste lokaasje rjochte sels in groep fan 40 man him tsjin de plysje.

Neffens eigner Izak Jan Rusticus fan kafee De Prins yn de Prins Hendrikstrjitte kin geweld miskien foarkommen wurde as kafees in bettere screening by de doar hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)