De Boer net nei finale Liet

Carolien yn petear mei sjueryfoarsitter Fokke Miedema
Mearfâldich Liet-winner Adri de Boer is net troch de foarrondes fan Liet kommen. Yn Easterwâlde waard hy sneon útskeakele by de twadde fan de fiif foarrondes.
Oant 15 desimber wurde de foarseleksjes hâlden, der dogge 35 bands oan mei. Yn Easterwâlde binne twa fan de trije finalekandidaten Stellingwerver acts. Multigrade Motoroil, Gien Gok en Carolien waarden nominearre foar de finale op 17 maaie.