Namme Rosier op monumint

Martijn Rosier fan Sint Anne is freed eard op in byienkomst yn Schaarsbergen. Dêr is syn namme ûntbleate op in oarlochsmonumint. Dat monumint is jierren lyn oprjochte troch feteranen foar kameraden dy't yn Ynje omkommen binne.
No binne der ek nammen byset fan militêren dy't yn Afganistan sneuvele binne. Neffens de famylje fan Rosier wie it in emosjonele byienkomst. Martijn Rosier sneuvele yn augustus.