Jong talint op foarronde Liet

08 des 2007 - 01:16

De sjuery fan sjongfestival Liet hat freed op de earste foarronde fan it festival yn Heech trije groepen nominearre foar de finale fan Liet 2008. It giet om Jelte Posthumus en band mei 'De wiete wyn hellet oan', om de formaasje De Seedyk mei 'Koesto my mar echt' en om de band Koartsluting mei 'It lûdste stil'.

De noch mar 15-jierrige Fetske van der Meulen en Mariëlle Osinga makken ek yndruk mei it nûmer 'Us leafde'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)