Sven Kramer wint 1500 meter

07 des 2007 - 19:43

Sven Kramer hat freed de 1500 meter by de wrâldbekerwedstriden op it iis fan Thialf wûn. Mei syn tiid fan 1.45,21 bleau hy mar twa hûndertste boppe it baanrekord fan syn ploechmaat Erben Wennemars fan febrewaris fan dit jier. It wie foar Sven Kramer syn earste WB-oerwinning op de 1500 meter.

De Kanadees Denny Morrison waard twadde, Mark Tuitert tredde. It ferskil tusken de nûmer ien en de nûmer fiif wie mar in heale sekonde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)