Boarnsterhim ûnder tafersjoch

07 des 2007 - 16:08

Boarnsterhim mei fan 1 jannewaris ôf net mear jild útjaan sûnder tastimming fan de provinsje. Fanwege grutte finansjele tekoarten stiet Boarnsterhim ûnder finansjeel tafersjoch. Boarnsterhim hat ûnder oare in tekoart fan 90.000 euro op de begrutting fan 2008.

Neffens de provinsje is de sitewaasje by Boarnsterhim folle earnstiger as by oare gemeenten dy't de ôfrûne tiid ûnder finansjeel tafersjoch stien ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)