Jack de Vries steatssekretaris

De nije steatssekretaris fan definsje
Jack de Vries, de eardere polityk adviseur fan premier Jan Peter Balkenende wurdt de nije steatssekretaris fan definsje. De 39-jierrige Lemster folget Cees van der Knaap op, dy't boargemaster wurdt fan Ede. Minister Eimert van Middelkoop hat dat hjoed bekend makke nei ôfrin fan de ministerried.
De Vries wie jierrenlang foarljochter fan de CDA-fraksje. Sûnt oktober wurket hy foar in advysburo.