Krystfersiering Akkrum fuort?
It kin wolris in tsjustere kryst wurde foar guon bewenners fan de Folkert Kuperusstrjitte yn Akkrum. In buurtbewenner hat klage oer harren útbundige krystferljochting.
Wenningkoörperaasje Welkom sil no besjen oft it terjochte is en sa ja, dan moat de ferljochting der mooglik ôf. En dêr binne se yn Akkrum net sa bliid mei.