Maraton Ljouwert 21 kilometer

De maraton fan Ljouwert wurdt yn 2008 ferrûn oer 21 kilometer. Earder wie der sprake fan dat de wedstryd oer 30 kilometer gean soe. Fanwege de Slachtemaraton wie al bekend dat der yn 2008 gjin hiele maraton rûn wurde soe yn Ljouwert. Dy stiet foar 2009 wer op it programma.
Njonken de heale maraton kin der rûn wurde oer 3, 5 en 10 kilometer. It evenemint fynt plak op 25 maaie.