Motorplysje twa kear oanriden

07 des 2007 - 10:48

In motorplysje is tongersdei op it Hearrenfean twa kear oanriden troch in busbestjoerder. De plysjeman seech dat de man de riem net om hie. Wylst de plysje op de stoepe stie waard er oanriden. Dêrnei ried de man fierder, mei de plysje achter him oan.

Doe't de plysje letter wer parkearde, ried de sjaufeur wer tsjin him oan. De plysje rekke ferwûne oan de rêch. De man sei dat er him net sjoen hie, hy moast syn rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)