Snitser hat XTC-pillen by him

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan tongersdei op freed yn Snits yn in horeaksaak oan de Nauwe Noarderhoarne in 20-jierrige Snitser oanhâlden op fertinking fan it besit fan harddrugs.
In meiwurker ûntduts dat de Snitser XTC-pillen by him hie. De plysje waard warskôge en dy hat de man fûllearre. Se fûnen yndied njoggen XTC-pillen. De Snitser is doe oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten foar neier ûndersyk.