Aris wint wer ris

© Omrop Fryslân
Aris Friesland hat wer ris wûn. Op It Kealledykje waard mei 81-67 wûn fan Omniworld út Almere. By rêst gie it noch lyk op (33-34), mar yn it tredde kwart rûnen de Ljouwerters út. Yn it fjirde kwart kaam Almere noch werom oant trije punten, mar de foarsprong bleau.
Aris is no net mear allinnich lêste. Omniworld en Aris beide 4 punten. Omdat Den Helder wûn fan Swolle, hat Den Helder no seis punten.