Súkses foar boek Speerstra
De fraach nei it boek de Oerpolder fan Hylke Speerstra bliuwt grut, ek lanlik. Der binne sûnt it boek juny ferline jier ferskynd is al 10.000 eksimplaren fan ferkocht. Dizze moanne komt de fyfde printinge út.
De cd-ferzje fan de Oerpolder docht it ek goed. Op de cd lêst Speerstra it ferhaal sels foar. Dêr binne yntusken 500 fan ferkocht.