Foekje Dillema ferstoarn

06 des 2007 - 17:29

Ald-kampioenshurdrinster Foekje Dillema (81) is woansdei yn Kollum ferstoarn. Se wûn yn 1950 yn in rekordtiid fan Olympysk kampioene Fanny Blankers-Koen. Dat waard har net yn tank ôfnaam. Fanwege har wat manlike foarkommen moast se in seksetest dwaan. Dêrnei kaam der in ein oan har karriêre.

Foekje Dillema wenne de lêste jierren yn Meckemastate yn Kollum. Se wurdt sneon te hôf brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)