Dakdekkersreid út Sina

It Sineeske reid (rjochts) by Veenstra yn Burgum is wat ljochter as it East-Europeeske (links)
Sineesk reid moat in ein meitsje oan 'e jierrenlange krapte op 'e Fryske reidmerk. De lêste tsien jier kaam dakdekkersreid benammen út East-Europa. Troch de minne winters dêr foel de opbringst de lêste tiid bot ôf.
De Fryske dakdekkers hawwe in soad reid nedich, want se hawwe it drok troch de nije subsydzjeregeling fan 'e provinsje. Minsken kinne jild krije foar it opknappen fan reiden tekken.