Jeugd Koudum sloopt eigen honk

© Omrop Fryslân
Jongeren yn Koudum hawwe it eigen jeugdhonk sels sloopt. De gemeente Nijefurd woe de karavan fuort hawwe, om't er brângefaarlik wie en stiif tsjin de iepenbiere dyk oan stie. De jeugd hat it honk dêrop sels út inoar helle.
Nijefurd kontrolearret strang op keten en karavans dêr't jongerein by elkoar komt om te feesten. De keten moatte oan regels fan feiligens foldwaan en in boufergunning hawwe.