Boargemaster Opsterlân beneamd

© Omrop Fryslân
Francisca Ravenstein (55) is offisjeel beneamd as boargemaster fan Opsterlân. Dat hat it ministearje fan Ynlânske Saken tongersdei bekendmakke. Ravenstein is lid fan D66 en sûnt april waarnimmend boargemaster fan Beverwyk. Dêrfoar wie se wethâlder yn Renkum. Fan 1998 oant 2002 wie se lid fan 'e Twadde Keamer. Se folget Sicko Heldoorn op dy't boargemaster fan Assen wurden is. Frou Ravenstein wie earder al foardroegen foar Opsterlân.