Tafersjoch gemeente opheft

06 des 2007 - 14:55

De gemeente Gaasterlân-Sleat hoecht net langer finansjele útjeften te oerlizzen mei de provinsje. It previntyf tafersjoch troch de provinsje is opheft. Dat hat deputearre Galema bekendmakke.

De begrutting foar takom jier is wer yn lykwicht. De lêste twa jier wiene der grutte finansjele problemen yn 'e gemeente. Se moatte no hiel sunichoan dwaan om de problemen op te lossen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)