Agressive ynbrekkers Drachten

© Omrop Fryslân
In man (58) út De Pein is yn 'e nacht fan woansdei op tongersdei hast rekke troch in auto dy't mei folle gong op him ynried. De man wie as eigner warskôge foar in ynbraak yn syn bedriuw yn Drachten. Doe't er dêr wie, waard er hast fan 'e sokken riden.
De Peinster achterfolge de dieven. Se riden betiden mei mear as 200 km yn 'e oere sûnder ljocht. Hy rekke de auto kwyt. De klûs is tongersdei sûnder jild weromfûn by Beetstersweach.