Lemsterlân: soad gadingmakkers

05 des 2007 - 16:29

Der is in soad belangstelling foar de boargemasterspost fan Lemsterlân. Meiinoar ha 21 mannen en ien frou reagearre op de profylskets dy't de gemeenteried opsteld hat. It grutste part fan de kandidaten is lid fan de VVD. Acht sollisitanten hearre by dy partij, tsjin 5 fan de PvdA en 5 fan it CDA. De oare kandidaten komme fan de ChristenUnie, FNP en D66.

Alle kandidaten, útsein ien, binne boppe de 50 jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)