CBS:Fryslân ferliest ynwenners

© Omrop Fryslân
Fryslân ferliest ynwenners. Dat docht bliken út sifers fan it CBS, it Centraal Bureau voor de Statistiek. De ôfrûne jierren binne der mear minsken nei bûten Fryslân ferhuze as dat der nije ynwenners by kaam binne.
In oare oarsaak fan it sakjende tal ynwenners is it ôfnimmen fan de ynstream fan asylsikers. Grinslân jout likernôch itselde byld as Fryslân. Yn it ynwennertal fan Drinte sit noch wol in beskieden groei.