Online ferwiisyndeks jeugdhelp

© Omrop Fryslân
Mei in spesjale website moat it foar organisaasjes fan jeugdhelpferliening makliker wurde om gear te wurkjen. Troch de on-line ferwiisyndeks kin in bern mei problemen gauwer holpen wurde. Organisaasjes dy't in bern help jouwe moatte dat ynfiere yn de database fan 'e website. Oare organisaasjes kinne dat dan sjen.
Sadwaande moat foarkommen wurde dat ynstânsjes lâns inoar hinne wurkje. Foarearst dogge 10 gemeentes mei.