Gjin eigen risiko foar minima

© Omrop Fryslân
De minima yn de gemeente Smellingerlân hoege gjin eigen risiko te betelje. Troch in feroaring by de soarchfersekering hat elk fan 1 jannewaris ôf in ferplicht eigen risiko fan 150 euro.
Foar minsken mei in minimum ynkommen is dat bedrach hast net te beteljen. Dêrom hat wethâlder Kuiper fan Smelingerlân tasein dat dit kompensearre wurde sil. Hjir komt in lanlike regeling foar.