OM: sjittende agint ûnskuldich

De sjitterij wie op 'e Foarwei yn Wâlterswâld
De plysjeman dy't ferline jier maart by in ynsidint yn Walterswâld sketten hat hoecht dêr net foar net straft te wurden. Dat fynt it Iepenbier Ministearje. De 37-jierrige plysjeman út Ljouwert moast tiisdei foarkomme.
De plysje hâlde tegearre mei in kollega in auto oan mei dêryn in tal jonges. De kollega waard fuortendaliks delslein wêrop't de plysjeman twa skotten loste. De útspraak is nei alle gedachten oer fjirtjin dagen.