Nij toanielstik fan 'n Meeuw

26 mrt 2012 - 15:09

In God We Trust is de namme fan it nije stik fan 'n Meeuw. It is in stik fan akteur Lourens van den Akker (Dankert&Dankert, De Hel van '63) en regisseur Jeek ten Velden. De foarstelling dy't 17 maart yn premjêre gie, is in teatrale 'roadtrip' troch it nachtlibben fan Hannover. In foarstelling oer immen dy't syn eigen wei siket en derachter komt dat alles oars is as syn âlders tinke.

Yn K-rûte fan 28 maart mear oer dizze foarstelling en syn makkers.

Trefwurden: 
theater foarstelling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)