Provinsje pakt spoarkrisis oan

Provinsje: reizger mei net de dupe wurde fan spoarkrisis
De provinsje nimt swiere maatregels as treinreizgers de dupe wurde fan it konflikt tusken ferfierder Arriva en spoarbehearder ProRail. De provinsje is ferantwurdlik foar it spoarferkear yn Fryslân. Arriva wol by ProRail ferbetterings oan it spoar ôftwinge. Direkteur Hettinga wegeret in kontrakt mei ProRail te tekenjen. Dan ride der takom wike gjin treinen. Deputearre Adema fynt dat it safier net komme mei.