Gemeente ûntrommet boarterstún

Gemeentewurkers helje de boarterstastellen fuort
Der is argewaasje oer it fuortheljen fan in boartersplak oan 'e Ringhersmastrjitte yn Damwâld. De gemeente Dantumadiel hat alle boarterstastellen derwei helle. By it plak soarget jongerein de lêste jierren foar in protte oerlêst. Buertbewenster Frenda Terpstra is net bliid mei it beslút fan 'e gemeente. Sy hie graach tegearre mei har buorfrou it behear fan it boartersplak op har naam.