Aksjegroep tsjin trasee N381

© Omrop Fryslân
Yn Donkerbroek is aksjegroep oprjochte tsjin it ferlizzen fan 'e provinsjale autodyk N381 by it doarp. De provinsje hat bepaald dat de autodyk fan it besteande trasee in ein nei it westen opskoot.
Bewenners fan 'e westkant fan Donkerbroek wolle de dyk net foar de glêzen del hawwe. Se sille brieven skriuwe nei de gemeente en de provinsje. Der komme ek protestaksjes mei spandoeken.