Fernielings skoalle Burdaard

04 des 2007 - 10:15

By de kristlike basisskoalle yn Burdaard binne dit wykein reinpipen loslutsen en fernield. Dêrtroch is wetterskea ûntstien. De skoalle hat wol faker lêst fan oerlêst. Earder hawwe der alris guonts op it dak west en is der besocht yn te brekken. Ek slingerje der wolris bierfleskes om. De skoalle sil no yn oerlis mei de gemeente lampen ophingje by de tsjustere hoeken op it skoalplein. Dat moat omhinger ôfskrikke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)